Skip to content
Artwork for Twa Ûnnoazele Jonges

Twa Ûnnoazele Jonges

Sjoerd Bekius

De bêste podcast yn it Frysk. Alles wurdt besprutsen! Fan ús enoarm nijsgjirrige libbens, oant politike en filosofyske theroieën en cutting-edge technologie. Wy hawwe ek de bêste moppen. Eins de bêste podcast yn de wrâld, mar omtrint nimmen kin `m ferstean.

Kontakt:
jongens@tuj.frl

Webshop:
https://tuj.frl/

Whatsapp-community:
https://www.whatsapp.com/channel/0029VbBI2bOLdQeiIxFIj902
Play
  • 25 episodes
  • weekly
  • Avg 1 hr 2 min
  • Dutch
Counted on this page — what you have heard stays on this device, so it is not something the list can be paged by.
  • S2 · E45
    Sunday · 59 min

    Frede mei Ruslân en AI-brillen op dyn noas

    FRYSK Dútske skoalieren stake tsjin de tsjinstplicht, en yn de Nederlânske media hearst dêr hast neat oer. Sjoerd giet op de stoel fan de premier sitten en kiest foar handel en diplomasy mei Ruslân, wylst Marc freget wannear't ferdigenje dan wol...

  • S2 · E44
    September 20 · 1 hr 1 min

    It minderheidskabinet en de slûpende tsjinstplicht

    FRYSK Sjoerd leit út wêrom't de formaasje fêstrint yn in minderheidskabinet en wêrom't hurd wurkjen yn Nederlân hieltyd minder opsmyt. Dêrnei ûntleedt er stap foar stap hoe't in „frijwillige” opkomstplicht dochs op echte tsjinstplicht útdraait, en...

  • S2 · E43
    September 13 · 54 min

    AGI dy't de boekhâlding docht en Dario Amodei syn AI-essay

    FRYSK Marc lit AGI syn hiele boekhâlding oernimme en neamt dat de heilige graal fan AI — en dat set in breder petear yn gong oer Dario Amodei syn essay oer AI-feiligens, lokale modellen en regulaasje. Dêrneist minimalisme oant it uterste, twa...

  • S2 · E42
    September 6 · 1 hr 21 min

    Health at every size en de robotaksy

    FRYSK In nij AI-model naam Marc syn folsleine podkasttarieding oer yn alve minuten - en dat set de mannen oan it tinken oer wurk en AGI. Fierder Tesla's earste robotaksy's yn Austin, in yndrukwekkende eksposysje oer de Nederlânske koloniale skiednis...

  • S2 · E41
    August 31 · 59 min

    Polityk sûnder leagens en romtedatacinters

    OMSKRIUWING (FY) Populêre ideeën winne ferkiezingen, mar binne it ek de bêste ideeën? Sjoerd en Marc prate oer demokrasy, it boek De Ûnsichtbere Maat en wêrom in saai mar goed plan selden stimmen opsmyt. Fierder it nijs út Fryslân, de...

  • S2 · E40
    August 23 · 1 hr 2 min

    De lowtech-set-up en de rjochtsaak tsjin Meta

    FRIES In folsleine lowtech-set-up mei in e-reader dy't op 'e telefoan klikt, in Nokia en in notysjeboekje – Sjoerd besiket it echt. Dêrnei dûke de mannen yn de grutte rjochtsaak fan Amerikaanske steaten tsjin Meta, oer bern dy't ferslave reitsje oan...

  • S2 · E39
    August 16 · 1 hr 14 min

    In middei yn it Noarderplantsoen en de wet fan de natuer

    FRYSK In middei yn it Noarderplantsoen yn Grins rûn út op in lang petear mei in aktiviste dy't opkomt foar de beammen — en tsjin fan alles mear. Dêrnei geane Marc en Sjoerd djip yn op de wet fan de natuer, it kristendom en de fraach oft der in...

  • S2 · E38
    July 19 · 1 hr 1 min

    Kanye West en iepen modellen út Sina

    FRYSK It ôfsein konsert fan Kanye West bringt Sjoerd en Marc by in gruttere fraach: kin ien noch in flater meitsje en dêrnei wer ferjûn wurde, en wêrom binne it krekt de kristlike partijen dy't dêr it hurdst tsjinyn geane? Dêrnei it nijs út Fryslân,...

  • S2 · E37
    July 12 · 1 hr 2 min

    Otterje op it luchtbed en Apple tsjin OpenAI

    FRYSK Otterje op in luchtbed einiget yn in fermaaklike rûzje oer te lûde muzyk, en Apple spant in rjochtsaak oan tsjin OpenAI oer bedriuwsgeheimen. Dêrtusken in lang feestjegesprek oer hierarchy, macht en wêrom't in maatskippij sûnder struktuer net...

  • S2 · E36
    July 5 · 1 hr

    AI-muzyk en koade read foar de hitte

    FRYSK Marc makket ynienen ferskes mei AI en fertelt wêrom't Suno him dizze wike ferrast, wylst Sjoerd yn Fryslân in fûdtrukfestival mei lange rigen en lytse porsjes oerlibbe. Dêrnei de fraach dy't de hiele ôflevering kleuret: meie wy noch risiko's...

  • S2 · E35
    June 28 · 1 hr

    Wat frijheid is en it AI-ferbod op skoalle

    FRYSK In hite dei op it strân mei in karke, in koelboks en in luchtbêd rint út op de fraach dêr't it hiele petear om draait: bestiet frijheid eigentlik wol? Sjoerd en Marc prate oer beheiningen dy't in libben just better meitsje, oer de oerheid as...

  • S2 · E34
    June 21 · 57 min

    Ferlichte minsken en de Meta-brillen

    FRYSK In man mei in namme út Yndia ferliest in potsje tafeltennis, en dêr begjint it petear oer ferlichting: de eastersk-spirituele en de kristlike tradysje neistinoar lein. Fierder in filosofyske iepeningsfraach oer sitten en fytsen, tai chi, nijs út...

  • S2 · E33
    June 14 · 47 min

    Moreel oardiel en it model dat útset waard

    FRYSK In omstriden online-skandaal bringt Marc en Sjoerd by de fraach wêrom't wy eins noch oardielje kinne as moraliteit foaral subjektyf wêze soe — en oft ús morele ynstinkt dan in timingkwestje is. Fierder: in fergunning om wat oan de gânsen yn...

  • S2 · E32
    June 1 · 52 min

    De trouwerij yn Amearika en it thúsûnderwiis

    FRYSK Sjoerd wie de bêste man op in trouwerij en komt werom mei in speech, in djoer diner en grutte fragen oer it houlik en it skieden. Dêrnei prate wy oer thúsûnderwiis, de learplicht en de frijheid fan ûnderwiis, en oer de fraach wa't eins it...

  • S2 · E31
    May 24 · 1 hr 3 min

    De lessen fan Singapore en de rjochtsaak tsjin OpenAI

    FRYSK In boek oer Singapore, parsefrijheid en de rjochtsaak dy't Elon Musk tsjin OpenAI ferlern hat: Marc en Sjoerd binne werom nei in skoft fuort. Sjoerd set syn politike teory oer de steat fan natoer útinoar, mei in fyts as machtichste partij, en...

  • S2 · E30
    May 3 · 55 min

    Lelike gebouwen en de rjochtsaak tsjin OpenAI

    FRYSK Wêrom fine wy âlde tsjerken moaier as in modern gebou? Sjoerd hâldt in pleit dat skientme fuortkomt út goede ideeën, en lûkt dy line troch nei minsken, lookmaxxing en in bernetekening op 'e kuolkast. Fierder: in frijgesellenfeest yn Utrecht,...

  • S2 · E29
    April 28 · 1 hr 2 min

    Feitsjes dêr't je niks oan hawwe en it fertrek fan Tim Cook

    FRYSK Feitsjes dêr't je werklik niks oan hawwe — fan brêgen yn Hamburg oant it lûd fan in pistoalgarnaal — en it fertrek fan Tim Cook by Apple. Dêrnei: It Hearrenfean yn topfoarm, in konsert mei Mongoalske kielsang, robots dy't hurdrinne en Elon Musk...

  • S2 · E28
    April 12 · 1 hr 1 min

    Tsjinstplicht yn Dútslân en robotaksy's dy't stilstean

    FRYSK Agintyske AI, it libben yn de bubbel fan Sân Fransisko en de fraach oft Dútske jongeren aanst tastimming fan it leger nedich ha foar in lange fakânsje. Fierder giet it oer it wurd 'mongoal' en wêr't dat eins weikomt, in Dútske kemper dy't tsjin...

  • S2 · E27
    March 29 · 56 min

    In wike libje neffens Claude en bunkerist kristendom

    FRYSK Marc joech in wike lang de regy oer syn dagen oan in AI-assistint, en Sjoerd lansearre in nije Substack oer bunkerkristendom: hoe't je yn de maatskippij funksjonearje kinne sûnder der hielendal yn op te gean. Fierder in earlike...

  • S2 · E26
    March 22 · 1 hr 27 min

    De gemeenteriedsferkiezings en chips yn de romte

    FRYSK Sjoerd en Marc begjinne by in fûgel yn de studio en in nije stofsûger, en bedarje fia in list mei ûnnoazele fragen by de gemeenteriedsferkiezings, de spreidingswet en de fraach oft brede wolfeart noch wol te rêden is. Dêrnei nijs út Fryslân en...

Showing 1–20 of 25 episodes